Swimbad Kollum bêste

Swimsintrum Kollum is útroppen ta bêste swimbad fan Nederlân. It swimbad yn Kollum wûn de priis yn de kategory fan swimbaden mei tusken de 100- en de 200-tûzen besikers. Yn totaal binne der yn Nederlân goed 1200 swimbaden dy't yn dy kategory falle en hast allegear binne se grutter as swimsintrum Kollum. Sa hat Kollum mar ien bad en dat bad is mar 14 by 6 meter. Kollum hat de priis yn de wacht sleept troch de hege sifers dy't it krigen hat fan de eigen besikers.