Feilichheidshûs giet los

28 nov 2012 - 19:43

Yn Snits binne woansdei hantekeningen set ûnder wat in slutende oanpak wurde moat fan de feilichheid yn Fryslân. Per gefal, gebiet of gesin sykje organisaasjes dy't helpe kinne, elkoar op om oplossings te regeljen. Dy gearwurking hat de namme Feilichheidshûs meikrigen. Yn de grutte plakken wie al sa'n Feilichheidshûs yn 'e mande mei justysje. Mar dy oanpak wurdt no útwreide nei de rest fan de boargemasters yn de provinsje, want dy binne mei ferantwurdlik foar de iepenbiere oarder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)