Boartersplak yn Uniastate

28 nov 2012 - 16:20

Op kultuerboartersplak Uniastate yn Bears binne woansdei de earste boarterstastellen pleatst. Dy binne makke troch byldzjend keunstner Beb Mulder út Ljouwert. Doarpsbelang hie al trije jier de winsk foar sa'n bysûnder boartersplak.

De tastellen wurde pleatst tichtbij it plak dêr’t earst Uniastate stie. Dêr stiet no in stielen frame fan de state. It kultuerboartersplak moat begjin takom jier iepene wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)