Prate oer takomst VVV Súdwest

De toeristyske promoasje fan Súdwest-Fryslân op ynternet moat better. Dat is ien fan de tema's op de jiergearkomste fan de VVV fan Súdwest-Fryslân fan tiisdei. Benammen foar bûtenlanners is it no dreech om goeie toeristyske ynformaasje oer Súdwest-Fryslân op ynternet te finen.
VVV Súdwest-Fryslân is ek drok mei plannen foar eveneminten om mear toeristen nei Heech en oomkriten te lûken. Mar der binne ek bedrigings foar de VVV; de gemeente wol de subsydzje ôfbouwe en guon ûndernimmers hawwe it lidmaatskip opsein.