Tiidstip dea Heijltjes bekend

28 nov 2012 - 14:16
  • Marijke Heijltjes

De 67-jierrige Marijke Heijltjes fan Easterwâlde is op 11 septimber tusken fiif en seis oere middeis yn har wenning fermoarde. Dat konkludearret de plysje op basis fan ûndersyk. Op 12 septimber waard it slachtoffer moanrs troch in dochter dea oantroffen.

Nei in oprop hat de plysje mei trije minsken praat dy't troch buertbewenners sjoen waarden yn de wiken foardat de moard plakfûn. Bliken hat dien dat dizze persoanen neat mei de saak te krijen hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)