Souderbrân yn Feanwâlden

28 nov 2012 - 12:44

Oan de ein fan woansdeitemoarn hat der brân west yn in hûs oan de Boargemaster Faberwei yn Feanwâlden. De brân wie ûntstien op de souder, de bewenner hat earst sels besocht de brân te blussen, mar dat is net slagge.

De brânwacht dy't letter te plak kaam hat de brân yntusken ûnder kontrôle. De bewenner fan it hûs hat by syn bluspoging reek ynazeme. Syn sûnens is kontrolearre troch de ambulânsemeiwurkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)