Hoareka-koördinator yn DFM

28 nov 2012 - 11:30

De hoareka yn de fúzjegemeente De Friese Meren wol in hoarekakoördinator. De brânzje fynt it belangryk dat der in goede kommunikaasje mei de nije gemeente is. De hoareka hat goede ûnderfinings mei koarte lijnen mei de gemeenten yn de súdwesthoeke.

De Koninklijke Horeca ôfdieling De Friese Meren hat in brief mei syn winsk stjoerd oan de kolleezjes fan Skarsterlân, Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat. Dêr stiet yn dat it goed wêze soe om de koördinator no al te belûken by de fúzje-organisaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)