Personiel juwelier bedrige

28 nov 2012 - 09:55

De plysje hat tiisdei op It Hearrenfean in ynwenner fan dat plak oppakt, omdat er fertocht wurdt fan bedriging. De 31-jierrige man soe it personiel fan in juwelier yn syn wenplak earnstich bedrige hawwe. It personiel drukte dêrby op de alarmknop. De fertochte naaide út mar koe, omdat der tips oer him kamen, as noch oppakt wurde. Ien fan de tipjouwers wie de partner fan de fertochte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)