Emoasjes yn Stiens oer fúzje

© Google Streetview
De gearkomste yn de Skalm yn Stiens oer de takomst fan de gemeente Ljouwerteradiel hat justerjûn folle mear minsken lutsen as de gemeente ferwachte hie. Der wie yn de seal romte foar 100 oant 150 minsken, mar der kamen wol 300. Boargemaster Boertjens fan Ljouwerteradiel spruts nei ôfrin fan in iepenhertige en emosjonele gearkomste.
De gearkomste waard hâlden nei oanlieding fan it referindum oer de takomst, dat 30 jannewaris hâlden wurdt.
Ynwenners kinne dan oanjaan oft Ljouwerteradiel fusearje moat mei Ljouwert, of mei oare gemeenten yn Noardwest-Fryslân. Guon sprekkers yn de seal seine it betrouwen op yn it gemeente, omdat sy fine dat it helder is dat Ljouwerteradiel it bêste oanslute kin by Ljouwert.