Sprinkhoanne en kwal ite

Om yn de takomst de hiele wrâldbefolking te foarsjen fan goed iten, moatte wy leare om faker ynsekten, kwal of seewier te iten. Ek moatte wy fan bisten net allinnich de bekende parten opite, mar ek de mage, de tonge en de búk. Dat fynt topkok Albert Kooy fan hegeskoalle Stenden yn Ljouwert. Tiisdei koene 75 minsken alfêst wenne oan dat idee, by it 'Diner fan de takomst'. Sy krigen bygelyks boerekoal mei seewier, blauwe Noardseekwal, hasjee fan sprinkhoannen en bakte kowesturt.