Soad fisk by Swarte Haan

27 nov 2012 - 15:22

Ut in nij en grutskalich ûndersyk docht bliken dat der grut ferlet is fan de plande fiskhevel by Swarte Haan. Der kamen dizze maaitiid op it Waad foar de kust by Swarte Haan hûnderttûzenen fisken op it swiete wetter fan de spuislûs ôf, sûnder dat sy no al fierder swimme koenen.

Dat moat takom jier in stik better wurde as de fiskhevel oanlein wurdt nei foarbyld fan in oare spuislûs, in stikje fierder by Roptasyl. De fisken kinne dêr no wol fierder swimme en binne dêrtroch no yn minder grutte oantallen foar de kust oanwêzich.

Trefwurden: 
fisk Swarte Haan fiskhevel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)