Famylje S. werom nei Aldwâld

Aldwâld © ANP
De húshâlding fan Jasper S, de fertochte yn de saak Vaatstra, giet dizze of nije wike werom nei harren hûs oan de Allemawei yn Aldwâld. Dat is de útkomst fan it petear dat boargemaster Bilker fan Kollumerlân moandei mei de famylje hân hat.
Nei de arrestaasje fan Jasper S. binne syn frou en twa bern tydlik ûnderbrocht op in geheim adres. Se ha doe fuortendaliks al oanjûn dat se sa gau as mooglik werom wolle nei Aldwâld. Op in ynformaasjejûn ha de ynwenners ferline wike al oanjûn dat it gesin wat harren oangiet wer wolkom is yn it doarp.