Unrêst by VVV Lauwersland

27 nov 2012 - 12:52
  • VVV

It opsizzen fan it kontrakt mei VVV Lauwersland troch acht gemeenten yn it gebiet by de Lauwersmar, soarget foar ûnrêst by dy VVV. Dat seit direkteur Egge Lalkens. De gemeenten, werûnder Dongeradiel, Dantumadiel en Achtkarspelen, wolle it kontrakt mei yngong fan 2014 opsizze om't se wolle dat de promoasje oars dien wurdt.

De VVV praat hjir al in tiid oer mei de gemeenten. Direkteur Lalkens is dêrom fol fertrouwen dat dit ek slagje sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)