'Heistop Taconishof is te let'

27 nov 2012 - 12:04
  • Hielke Mulder wiist de skea oan syn wente oan

It heien foar it bouprojekt Taconishof op It Hearrenfean is op oantrunen fan de omwenjenden stilset. Mar dy maatregel is neffens de omwenjenden te let kommen om skea oan de huzen by it bouprojekt foar te kommen.

Fjouwer wiken lang is besocht om it heien tsjin te hâlden, mar wenningboukorporaasje Accolade joech oant moandei ta gjin belies. Ferskate omwenjenden fan it bouprojekt kinne de skea yn harren wenhûs sa oanwize. Dy skea rint neffens harren yn de papieren. De buertbewenners wolle de skea en oare kosten ferhelje op Accolade.

Dan giet it bygelyks om de kosten foar it koart pleit dat se oanspand hiene om it heien stop te setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)