'Dialooch oer Frysk nedich'

De Ried fan Europa fynt dat it Ryk in strukturele dialooch oangean moat mei organisaasjes dy't opkomme foar it Frysk en it Nedersaksysk. De Ried fan Europa skriuwt dat yn in kritysk rapport oer de posysje fan de taalminderheden yn Nederlân.
Neffens de Ried fan Europa hâldt Nederlân him ûnfoldwaande oan it Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen út 1998. De Ried fynt dat Nederlân de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis, en dan fral yn it fuortset ûnderwiis, ferbetterje moat.
De Ried fan Europa advisearret it Ryk ek om it Nedersaksysk (Drintsk, Grinslânsk en Stellingwerfsk) te befoarderjen ta in gewoan skoalfak. De Ried fan Europa kontrolearret om de pear jier yn hoefiere de lidsteaten har oan it Hânfêst hâlde en oft der ek foarútgong makke wurdt. By harren besite oan Fryslân en it Nedersaksysk taalgebiet oan it begjin fan dit jier hat de kommisje fan saakkundigen fan de Ried fan Europa konstatearre dat der yn Nederlân gjin of mar amper sprake is fan in dialooch tusken Ryksoerheid en organisaasjes fan sprekkers fan minderheidstalen. It ûntwikkeljen en fieren fan in súksesfol taalbelied ta stipe en ûntwikkeling fan minderheidstalen is ommers allinnich mooglik as dat belied ta stân komt yn dialooch mei de sprekkers fan dy talen, sa skriuwt de Ried.
De Ried fan Europa giet ek yn op de posysje fan Omrop Fryslân. Neffens de Ried is de kommende 'sentralisaasje' fan de regionale omroppen in mooglike bedriging foar radio en televyzje yn Frysk. Yn har taljochting op it rapport seit 'ekspert' Marieke Sanders fan de Ried fan Europa dat it fral belangryk is dat de foarsjenningen yn minderheidstalen as it Frysk 'op nivo' bliuwe, ek yn in tiid fan besunigings.