Plysje arresteart oplichter

27 nov 2012 - 10:25

Plysje Fryslân hat in ynternasjonale oplichter oanhâlden. De man (44) út it suden fan it lân hat tsientallen minsken foar tsientûzenen euro's oplicht. Sa bea hy kaartsjes oan foar de tennisfinale fan Roland Garros, de Olympyske Spelen yn London en de Champions League finale yn it Dútske München.

Ek koene minsken by him alkoholtesters keapje of in rit mei in Ferrari boeke foar 350 euro. Wa't betelle wie syn jild kwyt. Nei't der yn Fryslân tweintich oanjeftes binnen kamen, begûn de plysje it ûndersyk.

Ut it plysje-ûndersyk die bliken dat de man ynternasjonaal aktyf wie. De man hie by syn oanhâlding ferskate kaaien by him. De plysje wol graach wite wêr't dy kaaien fan binne.

Trefwurden: 
plysje oplichter arrestaasje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)