Ljouwerter driget mei skjirre
De plysje hat moandei in 53-jierrige Ljouwerter oanhâlden dy't in meiwurker fan in soarchynstelling oan De Drie Dukatons mei in skjirre bedrige.
De plysje moast de man ferskate kearen warskôgje foar't hy de skjirre oan de kant lei. De man is ynsletten. Wêrom't hy de meiwurker krekt bedrige, is noch net bekend. De plysje ûndersiket de saak.