Wetterskip moat besunigje

It Wetterskip sil yn de takomst net samar oeral mear diken opheegje. Der wurdt tenei earst sjoen nei de feiligens en oft de ynvestearring ek echt nedich is. Dat seit wetterskipsbestjoerder Roel de Jong. Allinnich sa binne de kosten yn de hân te hâlden.
It Wetterskip moat takom jier op 'e nij besunigje, sa stiet yn de begrutting. Dat sil benammen dien wurde op personiel en troch effisjinter te wurkjen. De belesting giet takom jier mei in pear persint omheech.
Troch in part fan de reserves yn te setten kin in flinke ferheging foarkommen wurde.