Iepen karakter Lân fan Taal

It gebou Lân fan Taal op it Aldehoustertsjerkhôf krijt in iepen karakter. It nije gebou is ien fan de ûntwerpen foar it iepen plak njonken it Heer Ivostrjitsje. De pleinside fan de begeane grûn kin belutsen wurde by aktiviteiten op it Aldehoustertsjerkhôf.
Lân fan Taal is in projekt fan de Afûk en Tresoar. Yn it gebou soe in belibbingssintrum komme moatte dêr't minsken yn de kunde komme kinne mei it Frysk en de skiednis. Der is ek romte foar eksposysjes en it moat in poadium wurde foar kennis en debat.
De Ljouwerter arsjitekt Johan Sijtsma hat it ûntwerp makke fan Lân fan Taal. Foar de lokaasje binne noch ferskate ûntwerpen yntsjinne by gemeente Ljouwert. It giet hjirby ûnder oare om ûntwerpen fan Nynke Rixt Jukema en Rein Hofstra. It bebouwen fan de lokaasje is ûnderdiel fan in grutter plan om it Aldehoustertsjerkhôf oan te pakken. Dat projekt hjit 'Kloppend hart'. De gemeente hat yn it stedskantoar yn eksposysje ynrjochte fan alle plannen dy't der foar it gebiet binne. De gemeenteried sil takom jier in beslút nimme oer hokker ûntwerpen ek útfierd wurde.