Famke betaaste yn Drachten

26 nov 2012 - 18:45

In 6-jierrich famke is snein yn Drachten lestich fallen troch in noch ûnbekende man. Se waard yn in boarterstún oan de Westerwird yn de wyk De Wiken troch de man betaaste. It foarfal fûn plak tusken 16.15 en 17.00 oere. De plysje is daliks ynformearre en hat ûndersyk dien yn de omjouwing fan de boarterstún. Moandei is de plysje fan start gien mei in buertûndersyk.

De man dy't socht wurdt, hat in blanke hûdskleur, is nei alle gedachten tusken de 20 en 30 jier, is Frysktalich, hat in normaal postuer en hie in blauwe broek en swarte jas oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)