Sylskip nei Skylge sleept

26 nov 2012 - 17:07
  • Skylge

In bergingsboat fan rederij Noordgat is dwaande mei it bergjen fan it Deenske sylskip 'Andromeda'. It skip rekke snein op sa'n 100 kilometer fan Skylge stjoerleas. Om healwei fjouweren moandeitemiddei koene meiwurkers fan Noordgat it skip fêstmeitsje oan har bergingsskip. De ferwachting is dat de boat mei it sylskip healwei de nacht op Skylge oankomt. De twa opfarrenden binne sneintenacht troch in helikopter fan in boarplatfoarm fan board helle en nei Den Helder brocht. It sylskip rekke stjoerleas om't de motor útfallen wie.

Troch in swiere súdwesterstoarm wie it ûnmooglik de seilen omheech te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)