Gesin Jasper S. wol werom

26 nov 2012 - 16:53

Boargemaster Bilker fan Kollumerlân sil moandeitejûn op 'e nij om de tafel mei it gesin fan Jasper S, de fertochte yn de saak Vaatstra. Dat hat in gemeentewurdfierder befêstige. De famylje fan de fertochte út Aldwâld is tydlik op in geheim adres ûnderbrocht. Se hiene ôfrûne wike al oanjûn dat se graach werom wolle nei har hûs yn Aldwâld. Boargemaster Bilker sil dêr mei de famylje oer prate. De ynwenners fan Aldwâld ha ek oanjûn dat it gesin wer wolkom is. Op wat foar termyn de frou en bern fan Jasper S. werom komme is foarearst ûndúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)