Finer stellen fyts krijt bier

26 nov 2012 - 15:45

De stellen fyts fan hoareka-ûndernimmer Tom Mulder fan It Hearrenfean is werom. De antike sportfyts wie sneontejûn stellen fan it hiem fan Mulder. Hy tweette snein dat dejinge mei de gouden tip fiif kratsjes bier krije soe. Moandeitemiddei seach in skerpe sosjaal-media folger de fyts tsjin in beam stean tusken Haskerdiken en Aldeboarn. De man hat de fyts meinommen en by in garaazje yn de buert brocht. Tiisdei hellet Mulder de fyts op en krijt de lokkige finer syn kratsjes bier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)