Koart pleit om heien

26 nov 2012 - 12:56

Omwenners fan it bouwurk fan wenningboukorporaasje Accolade op It Hearrenfean hawwe moandei yn in koart pleit frege om it heien stil te lizzen. De rjochter sil tiisdei of woansdei útspraak dwaan. De bewenners fan de Sieger van der Laanstrjitte binne optimistysk, omdat de rjochter kritysk wie oer de opsje fan Accolade om in diel fan de pealen de grûn yn te boarjen. By de kwetsberste huzen soe dan in gat boarre wurde, wêrby't mar in pear slaggen heid hoecht te wurden. De omwenners wolle dat hielendal net mear heid wurdt.

De gemeente Hearrenfean hat foar in part fan it gebiet in heistop oplein. Troch it heien op de rest fan it gebiet is neffens de bewenners freed by tal fan wenten skea ûntstien.

Trefwurden: 
heie
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)