Needklok wenningkorporaasjes

26 nov 2012 - 12:29

Fryske wenningkorporaasjes liede de needklok oer de kabinetsplannen. Foaral foar plattelânsregio's lykas Fryslân sille de plannen desatreus útpakke, sizze de korporaasjes. Yn it regearakkoart stiet dat wenningkorporaasjes ekstra belesting betelje moatte oan it Ryk. Se meie dat op 'e hierders ferhelje troch de hieren ekstra te ferheegjen. Der jildt wol in maksimale hierpriis, dy mei net mear as 4,5 prosint fan de WOZ-wearde fan it hûs wêze.

Om't de WOZ-wearden op it Fryske plattelân folle leger binne as op oare plakken yn it lân, betsjut dat dat Fryske wenningkorporaasjes krekt in soad hieren sakje litte moatte. Se kinne dan net de belesting betelje fan de ekstra hierynkomsten. It jild moat dan ergens oars weikomme troch bygelyks minder te ynvestearjen yn nijbou, renovaasje, ûnderhâld en leefberens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)