Sombere sifers wurkgelegenheid

26 nov 2012 - 12:20

De ferwachtingen foar de wurkgelegenheid yn Fryslân hawwe yn jierren net sa somber west. Dat docht bliken út de konjunktuer-enkête fan de Keamer fan Keaphannel, dy't moandei presintearre is. Mear as 30 persint fan de bedriuwen ferwachtet ûntslaggen, mar 7 persint hat minsken nedich. Foaral yn de bou is de somberheid grut. Yn hiel Noard-Nederlân binne oant no ta 123 bedriuwen fallyt gien. Yn earste ynstânsje begûnen de meiwurkers fan dy bedriuwen faak as zzp'er. Dat tal leit dit jier lykwols flink leger as fiif jier lyn.

Allinnich yn de detailhannel giet it wat better. Foaral webwinkels dogge it goed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)