Ferwûne by botsing Ofslútdyk

Ofslútdyk © Omrop Fryslân
In 59-jierrige man út Zaandam is sneintenacht ferwûne rekke by in ûngelok op de Ofslútdyk. De man ried rjochting Noard-Hollân. Omdat er wat oan it sykjen wie yn de auto, ried er stadich. In 37-jierrige frachtweinsjauffeur út Sint Anne dy't achter him ried, hie dat net yn de gaten en botste achterop him. De automobilist is nei it sikehûs fan Snits brocht. De frachtweinsjauffeur kaam mei de skrik frij.