Bergsma wint massastart

Jorrit Bergsma, massa start, Kolomna © awfoto.nl
Jorrit Bergsma hat snein de massastart op syn namme skreaun by de twadde wrâldbekerwedstriden yn it Russyske Kolomna. De rider fan Aldeboarn demarearre healwei de wedstriid, wêrby't allinnich de Frânsman Ewen Fernandez oanhekje koe. Yn de einsprint wie Bergsma úteinlik de rapste. It brûns wie foar Alexis Contin, lângenoat fan Fernandez. Arjan Stroetinga fan Waskemar einige as sechde.