Bob de Vries wint yn Tilburch

De sânde KPN Maraton Cup wedstriid yn Tilburch is sneontejûn in proai wurden foar Bob de Vries fan De Haule. De BAM-rider wie yn de einsprint Crispijn Ariëns fan Wolvegea en Joost Vink de baas. Tegearre mei broer Bart krige de winner it publyk op de banken doe't it twatal brutaal in ronde foarpsrong pakte. Letter pakten noch 15 man in rûntsje foarsprong op it peloton. It is de twadde winst op rige foar De Vries, dy't earder dizze wike wie ek al de bêste wie yn Dronten.
Mei it twadde plak yn Tilburch nimt Crispijn Ariëns as nije klassemintslieder it liederspak oer fan de ôfwêzige Arjan Stroetinga. Stroetinga komt dit wykein yn aksje op de massastart yn Kolomna. Efter de Italiaan Fabio Francolini stiet Stroetinga no tredde. Bob de Vries fine wy op it achtste plak.