Man falt treinkonduktrise oan

In 28-jierrige man út Gryptsjerk hat sneontenacht in treinkonduktrise oanfallen. Hy siet yn de trein fan Grins nei Ljouwert en de 28-jierrige konduktrise woe it ferfiersbewiis fan de man kontrolearje. De fertochte woe net meiwurkje en treau de frou om. Sy rekke dêrby ferwûne oan in earm. De plysje koe de man oanhâlde op it treinstasjon fan Bûtenpost. Hy is nei it buro brocht. Dêr hat er proses-ferbaal krigen.