Dronken man botst tsjin auto
De plysje hat sneontenacht op It Hearrenfean in 21-jierrige Feanster oanholden doe't dy tsjin in parkearde auto oanbotste. Dy auto waard dêrtroch troch in hage in foartún yntreaun. Dêrby waarden ek noch twa fytsen skansearre. Bliken die dat de man dronken wie. Syn rydbewiis waard ynnommen en hy krige in rydferbod en proses-ferbaal.