Cambuur twifelet oer foarhoede

25 nov 2012 - 12:53

Cambuur trainer Alfons Arts twifelet noch oer de ynfulling fan de foarhoede. Foar de útwedstriid fan moandei tsjin FC Oss is it noch net wis wa't der presys foaryn spylje sil. "We moeten voorin meer brengen" sa sei Arts. Nei alle gedachten giet it om de posysje fan Melvin de Leeuw. Wat der presys feroarje sil woe de Cambuur trainer net sizze. Youri Rose is skorst foar de wedstriid tsjin FC Oss. Syn plak wurdt ynnaam troch Erik Bakker. Wout Droste is wer werom nei in skorsing. Hy begjint yn de basis. Dit giet ten koste fan Johnny de Vries.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)