Man oanhâlden foar flyerjen

Plysje yn Aldwâld © ANP
Yn Aldwâld is sneon in man oanholden dy't yn it doarp folders ferspraat hie oer de saak Vaatstra. Yn de pamfletten stie dat de 45-jierrige fertochte Jasper S. it slachtoffer is fan in komplot, om de wiere dieders fan de moard op Marianne Vaatstra te beskermjen. Meardere ynwenners fan Aldwâld klagen by de plysje oer de flyers.
De plysje begong dêrop in boargernet-aksje, wernei't de man oanholden wurde koe. Hy is frege op te hâlden mei it fersprieden fan de folders en nei hûs te gean. Dat hat er dien.