Luisman wint fjildrit Oerterp

24 nov 2012 - 16:10
  • Fjildriden

De tredde edysje fan de nasjonale fjildrit yn Oerterp is sneon in proai wurden foar Jordy Luisman út Bergentheim. It twadde plak wie foar Tim Ariesen út Rhenen. Syn broer Johim kaam as tredde oer de streek. Bêste Fries by de manlju wie Bart Barkhuis fan Haulerwyk, dy't op it fjirde plak einige.

By de froulju gong de winst nei Anna van der Breggen út Hasselt. It twadde plak wie foar Hannah Welter út Amsterdam. Karlijn Swinkels út Handel makke it poadium kompleet. Bêste Friezin wie Karen Brouwer fan Easterwâlde, dy't as fjirde einige.

It startskot by de beloften waard jûn troch Alyda Norbruis, winneres fan de sulveren medalje op de 500 meter by de Paralympiks dit jier yn Londen. Lykas yn de twa foargeande edysjes fytsten de dielnimmers dwers troch in tinte hinne, dêr't it publyk letterlik earste rang de striid folgje koe.

Organisator Wielerstichting Ureterp makke bekend dat it NK op de dyk yn 2014 plak fine sil yn Oerterp. De Wielerstichting is dêrmei de earste yn Fryslân dy't dit kampioenskip organissearet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)