Kramer wer bêste op 5000 meter

24 nov 2012 - 15:13

Sven Kramer hat sneon syn twadde oerwinning pakt op 5 kilometer by de twadde wrâldbekerwedstriden yn it Russyske Kolomna. Lykas ferline wike yn Thialf moasten Jorrit Bergsma en Jan Blokhuijsen opnij belies jaan oan de rider fan Aldskoat. Kramer klokte in tijd fan 6.10.62 en skerpe dermei syn baanrekôr fan 2008 oan. Dat stie op 6.11.78.

Jan Blokhuijsen (6.11.97) waard twadde, foar Jorrit Bergsma dy't it brûns pakte. Bergsma sette in tiid fan 6:13.09 op it boerd en makke it Nederlânske poadium kompleet.

Nei twa oerwinnings op rige giet Kramer mei 200 punten oan de lieding yn it wrâldbekerklassemint. Bergsma en Blokhuijsen diele it twadde plak en ha beide 150 punten byinaor riden. Op it fjirde plak stiet Bob de Jong mei 120 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)