Blessuere bobslider Van Calker

Bobslydzjen, twamansbob, Sybren Jansma, Edwin van Calker © Marc van Veen
Bobsliders Sybren Jansma fan De Pein en stjoerman Edwin van Calker komme dit wykein net yn aksje by de tredde wrâldbekerwedstriid yn it Kanadeeske Whistler. Op syn twitter liet Van Calker sneon witte dat er tidens de lêste training blessearre rekke oan syn hamstring. 'Dus geen race en asap naar Nederland voor scan. Balen!'
Jansma en Van Calker pakten by de earste wrâldbekerwedstriid bobslydzjen yn Lake Placid fuortdaalk in Olympyske nominaasje.