Leenstra pakt goud op 1500 m.

Marrit Leenstra © awfoto.nl
Marrit Leenstra hat sneon it goud pakt op de 1500 meter by de twadde wrâldbekerwedstriden. Yn it Russyske Kolomna klokte Leenstra in winnende tiid fan 1.55.03 en ferbettere dêrmei it baanrekôr fan Anni Friesinger. It sulver wie foar de Russise Yekaterina Shikhova, dy't yn de earste rit in knappe tiid fan 1.55.52 op it boerd sette. De Kanadese Christine Nesbitt, foarige wike yn Thialf noch de bêste op de 1500 meter, kaam dit kear net fierder as in tredde plak yn 1.56.16.
Ireen Wüst moast ôfsizze om't hja noch altyd net fit is.
Mei de oerwinning giet Leenstra oan de lieding yn wrâldbekerklassemint. Nei twa wedstriden sammele de rydster fan Wikel 180 punten. Nesbitt folget op it twadde plak mei 170 punten. Martina Sábliková stiet tredde mei 110 punten.