FrieslandCampina duorsum

Suvelbedriuw FrieslandCampina hat it op ien nei duorsumste imago fan Nederlân. Dat docht bliken út ûndersyk fan it blêd Management Team. Allinnich Ikea docht it krekt wat better. Der is sjoen nei hoe't bedriuwen omgean mei it miljeu en it enerzjyferbrûk. Ek wurdt rekken hâlden mei hoe duorsum har produkt is en hoe't de stratezjy is nei de takomst ta. FrieslandCampina is wiis mei it twadde plak. In wurdfierder seit dat der hurd oan wurke wurdt om it bedriuw noch duorsumer te krijen.
Sa wurdt bygelyks besjoen hoe't de boeren noch miljeubewuster wurkje kinne.