Froulju mishannele yn trein

24 nov 2012 - 11:08

Twa froulju binne freedtejûn yn de trein fan Grins nei Ljouwert mishannele troch in groep fan fjouwer manlju. It giet om in 18-jierrige frou út Stiens, fan it oare slachtoffer is de identiteit noch net bekend. De manlju sieten yn deselde treinkûpee as de froulju en foelen har lestich. Ien fan har hie har nocht en sei der wat fan. Dêrnei waard se by de kiel pakt en krige se klappen.

Op it stasjon yn Ljouwert bin de manlju útnaaid.
Yn de Doelesteech is letter in man oanholden, dy't neffens de plysje wierskynlik ien fan it groepke wie.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)