Lemster oppakt mei drank op

Drank © Omrop Fryslân
De plysje op De Lemmer hat ôfrûne nacht in 35-jierrige Lemster oanholden foar riden mei drank op. Boppedat hie de man gjin jildich rydbewiis. Plysjeminsken seagen de man op de Stasionswei riden en sprutsen him oan. Bliken die dat de man ûnder ynfloed wie. Hy is oerbrocht nei it plysjeburo. Yn 2006 wie de Lemster ek al ris feroardiele foar it riden mei drank op.