Maatregels FB tsjin skimmen

24 nov 2012 - 10:37

De Friesland Bank komt nije wike mei ekstra maatregels om it skimmen fan bankpassen foar te kommen. De bank wol ûnder oaren it pinnen bûten Europa standert útsette, sa't de kollega's fan de Rabobank no al dogge. Op 1 jannewaris is yn Nederlân it nije pinnen ynfierd, mar it skimmen giet noch gewoan troch, mei as gefolch 40 miljoen euro skea yn it jier. Meiwurkers fan de Friesland Bank geane op it stuit alle dagen by de jildautomaten del, om te sjen oft der ek mei knoeid is.

De klanten fan de bank wurde nije wike noch persoanlik op de hichte steld fan de nije maatregels tsjin skimmen.

Trefwurden: 
Friesland Bank skimme
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)