Dyk De Skieding opnij besjoen

24 nov 2012 - 10:15

It ûntwerp fan de provinsjale dyk De Skieding fan Surhústerfean nei de A7 sil op 'e nij besjoen wurde. De provinsje wol de folsleine dyk oanpakke om't der in soad ûngemakken barre. It nije ûntwerp smyt benammen op it súdlike part in soad beswieren op. Omwenners bin benaud dat de dyk net feiliger wurdt. Der sil no sjoen wurde oft der romte is foar in paralleldyk of mooglik in oar trasee. It ûntwerp foar it noardlike part bliuwt sa't it wie. De gemeente Achtkarspelen is der bliid mei dat it ûntwerp op 'e nij besjoen wurdt.

It moat allinnich net sa wêze dat it projekt dêrtroch dan wer fertraging oprint, sa seit boargemaster Piet Adema.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)