Soarch oer maatregels hoareka

23 nov 2012 - 17:30

As boargemaster Crone fan Ljouwert syn sin krijt, geane der 15 bedriuwen kapot. Dat seit Corne van der Erve, foarsitter fan de Koninklijke Horeca Bond, ôfdieling Ljouwert. Crone wol de toutsjes oanlûke: om de oerlêst yn it sintrum werom te bringen wol hy dat alle gelegenheden om fiif oere nachts ticht binne en dat is in oere earder as no it gefal is.

Fierder moatte der ferplicht portiers by de doar stean. De kosten wurde hjirtroch heger en dat kin in soad bedriuwen net opbringe. 

Van der Erve snapt neat fan de arguminten fan de boargemaster. Neffens him docht Crone oan symboalpolityk, omdat de sifers fan de plysje in hiel oar byld sjen litte. Der soe just minder oerlêst wêze.

Trefwurden: 
Ljouwert Ferd Crone hoareka
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)