Wedstriid skrast om Vaatstra

Hûs fertochte fan de moard op Marianne Vaatstra ôfset © ANP
De wedstriid tusken de frouljusalvetallen fan De Westereen en WTOC fan Aldwâld giet sneon net troch. It bestjoer fan WTOC hat útstel oanfrege yn ferbân mei de saak Vaatstra.
De gemeenten Dantumadiel en Kollumerlân hiene oantrune op útstel. Sa wolle se foarkomme dat de wedstryd út de hân rint. Foarsitter Van der Ploeg fan WTOC tinkt dat it wol tafalle sil mar seit ek dat je better gjin oalje op it fjoer smite moatte. De wedstryd wurdt no op 22 desimber spile.