Fisk skutte yn âlde slûs

23 nov 2012 - 17:00
  • Karper fisk

De âlde seeslûs yn Iezumasyl wurdt mooglik brûkt om fisken te skutten. Dat wurdt ûndersocht as ûnderdiel fan de renovaasje fan it gemaal. Dêrfoar leit 4,5 miljoen euro klear. Dat jild giet ûnder oare nei it fernijen fan it binnenwurk fan it gemaal, want dat is fersliten.  

Der moat lykwols ek noch in trochgong komme foar de fisken en dêrfoar is de âlde slûs yn byld. Yn de slûs kinne fisken skut wurde sûnder de doarren iepen te setten, mar mei de skowen yn dy doarren. Mei dy skowen kinne je it peil yn de slûs regelje, mar ek fisk trochlitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)