Grasveldpenning nei Marknesse

Pater Grasveldpenning
De 4e Pater Grasveldpenning giet nei Evelyne Fleer út Marknesse. Se krijt de penning foar har wurk als lid fan it diakonaal beried fan de Ireneüsparochy yn har wenplak en foar har ynset foar slachtoffers fan seksueel misbrûk.
De priis is neamd nei Pater Grasveld, in fransiskaner pryster dy't ek jierrenlang bestjoerslid fan Solidair Friesland wie. Op 7 maart dit jier ferstoar er. Yn 2002 naam Pater Grasveld ôfskied fan Solidair Friesland, doe is de penning yn it libben roppen.