Gastles op boulokaasjes

In groep timmerlju yn oplieding hat freed gastles krigen oer feiligens op boulokaasjes. Earder waard dit allinne dien op skoallen sels. Op in bouplak oan de Curiewei yn Ljouwert krigen de learlingen fan it Friesland College earst teoryles en koene se dêrnei sels de gefaarlike sitewaasjes besjen.
It inisjatyf fan de gastles komt fan it fakbûn CNV. Dat fersoarge de lessen tegearre mei in útfierder fan bougroep Dijkstra Draisma.