Boustop kin djoer útfalle

23 nov 2012 - 14:10
  • Hielke Mulder wiist de skea oan syn wente oan

It koart pleit fan de omwenners fan de Taconishof op It Hearrenfean kin wenningstifting Accolade hannen fol jild koste. Dat seit bestjoersfoarsitter Rein Swart fan Accolade. De bewenners fan ien fan de strjitten yn de buert wolle ôftwinge dat Accolade hielendal ophâldt mei heiwurk.

Earder lei de gemeente al foar in part fan it wurk in heistop op, mar de bewenners sizze dat de trillingen noch hieltyd boppe de noarmen komme. As Accolade twongen wurdt om op te hâlden mei it heien, wurdt de bou fan de nije hûzen folle djoerder, tinkt Swart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)