Fragen oer Westergo

23 nov 2012 - 14:02

De steatefraksje fan Friese Koers wol opheldering oer it berjocht dat de provinsje út de 'Ontwikkelingsmaatschappij Westergo' stapt. Dy maatskippij wie ûnder oaren ferantwurdlik foar de komst fan in nije yndustryhaven yn Harns.

Neffens Friese Koers is dat in slach yn it gesicht fan Harns en is it net goed foar de fierdere ûntwikkeling fan it havengebiet. De fraksje wol ûnder oaren witte wat de juridyske en finansjele gefolgen foar de provinsje binne. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)