Miljoeneferlies troch nije wet

23 nov 2012 - 13:49

Fryske gemeenten ferlieze miljoenen euro's troch de ynfiering fan de nije Partisipaasjewet. Dat hat akkountantkantoar Deloitte berekkene. Yn de partisipaasjewet wurde de budzjetten regele fan ûnder oaren de sosjale wurkplakken, de bystân en de Wajong.
 
It regear wol der flink op besunigje. Benammen gemeenten yn Limboarch en Grinslân wurde hurd troffen, mar ek yn Fryslân gean in oantal gemeenten der flink op achterút. Sa giet it by de gemeente Ljouwert om tusken de 4 en 5 miljoen euro en Smellingerlân giet der rom 2 miljoen op achterút. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)